De Edukatyfe Studio: de missy

De missy fan De Edukatyfe Studio is de wille yn en de krêft om it it learen fersterkjen. It úteinlike doel is it ûntwikkelen fan in jinsels fersterkend learen kinnen (self-propelling learning ability). Of, om mear beskieden te wêzen, wy wolle besykje in bydrage te leverjen oan de ûntwikkeling dêrfan.

Foar ús missy is it nedich leare te beskôgjen as in foarm fan libbenskeunst. En ûnderdielen fan dy keunst binne:
– leare te ûntdekken wêrsto as minske goed yn binne of soe wolle syn,
– leare útdrukking te jaan oan dysels,
– leare om better te learen,
– leare om emosjoneel belutsen te wêzen en te bliuwe by watsto docht, om dêr wille en nije motivaasje yn te finen.

Twa wichtige begrippen binne sels-ekspresje en sels leare en dy hawwe mei elkoar mien dat der kommunikaasje foar nedich is. Dus is it fansels  dat kommunikaasje by ús in wichtich plak ynnimt.

Wichtich is ek it begryp dat in minsk op wit hoefolle menieren mei oaren ferbûn is. Dat jildt ek by leare. Leare is in yndividuele saak mar mei help fan oaren. Wy neame dizze wurkwize sosjaal-individualistysk. Yn Súd-Afrika hat min dêr in moai wurd foar: Ubuntu, wat betsjut ‘Ik bin, om’t wy binne’.

Us wurk wurdt rjochte op learenden fan eltse âldens en op elkenien dy dêr in stipjende rol by hat:
– âlden, learkrêften, skoalbestjoeren, oerheden;
– begeliedingstsjinsten, stúdzjesintra, advysburos, ICT- en mediaspesjalisten;
– útjouwers, bibleteken, kulturiele ynstellings en oare maatskiplike organisaasjes.

Wy besykje ús doel te berikken troch ûndersiken, stipjende en fernijende projekten. De Edukatyve Studio is in stifting sûnder winsucht, wy binne ‘non-profit’ sa as dat neamst. Dit betsjut dat wy foar de útfiering fan it wurk ôfhinklik binne fan projectsubsydzjes en fan welwillende bydragen fan sympathisanten en belanghebbenden.

Comments are closed.